IIsbaanbestjoer Boalsert fuort

It tydlike stek wurdt pleatst (foto: Ton Visser)
It folsleine bestjoer fan de iisbaanferiening fan Boalsert is moandei opstapt. Se fiele har net serieus naam troch de gemeente. De iisbaan is op it nije plak fan alle kanten tagonklik en dat soarge de ôfrûne winter foar in soad fernielings. Boppedat rint de iisferiening dêrtroch ynkomsten mis. It bestjoer woe in stek om de iisbaan hawwe. De gemeente wegeret dat, omdat dat it iepen karakter fan it terrein oantaast.