Feilich fytspaad by Boazum

06 des 2010 - 20:56

Der komt in nij fytspaad tusken Skearnegoutum en Boazum by de Swette del. Moandei is dêr in oerienkomst foar ûndertekene troch Wetterskip Fryslân, fiif gemeenten en provinsje Fryslân. It fytspaad is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt.

Boatsjefarders kinne troch it nije fytspaad simmerdeis ek op de fyts fan de omkriten genietsje. Fierder wurdt it foar fytsers út Boazum in stik feiliger. Se hoege no net mear twa kear it spoar oer te stekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)