Swimbad ferwaarme mei biogas

06 des 2010 - 20:20
  • De silo by swimbad Kealledykje

It bedriuw Sustainable Winners út Harich hopet op mear oarders fan swimbaden dy't it swimwetter ferwaarmje mei natoerwaarmte. Dat sei direkteur Guus Abercrombie moandei by it berikken fan it heechste punt fan de waarmte-ynstallaasje by swimbad Kealledykje yn Ljouwert.

Yn de silo fan 10 meter heech wurdt 80 kúb oan houtsnippers stoart. Troch in spesjaal lucht- en befochtigingsysteem komt biowaarmte frij. Dêrmei wurdt it swimbad ferwaarme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)