Hollumer strân wurdt opspuite

It eilân hat betiden bot lêst fan ôfslach
It Amelân moat foar 2012 oanfold wêze mei 9,1 miljoen kúb sân. Yn de simmer waard al 3 miljoen kúb opspuite. It strân fan Hollum is no oan bar. Dêr moat goed 2 miljoen kúb hinne. Dêrnei folgje ek oare stikken. Sûnder sânstoarting soe it eilân tefolle ôfbrokkelje.
It opspuitsjen fan it sân wurdt dien yn opdracht fan Rykswettersteat. Nei de grutte operaasje foldocht it eilân wer oan de feiligenseasken.