Omset transport nimt ta

06 des 2010 - 17:36

De transportbedriuwen hawwe yn it tredde kwartaal fan dit jier 5 persint mear omset as yn it tredde kwartaal fan 2009. It is foar de twadde kear op rige dat de omset omheechgiet, neidat de omset fiif kwartalen achterelkoar flink nei ûnderen gien wie.

De omsetgroei komt foaral troch de tanommen eksport. De omset is noch lang net werom op it nivo fan foar de krisis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)