"Help boeren by Keningsdjip"

06 des 2010 - 14:03

De PvdA yn Opsterlân makket him soargen oer boeren yn 'e omkriten fan it Keningsdjip. It gebiet soe oars ynrjochte wurde om de âlde stream werom te krijen en foar mear rekreaasje. Dy plannen stean no faai om't it nije regear it te djoer fynt.

De boeren hawwe al wat grûn ferkocht, mar der soe noch 250 hektare oankocht wurde moatte. Foar de eigners dy't rekkene hiene op de kâns grûn te ruiljen of te ferkeapjen moat wat regele wurde, fynt de PvdA-fraksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)