Jan Ottevanger ûnderskieden

06 des 2010 - 12:15
  • Foarsitter Durk Dam en Jan Ottevanger
  • Foto's: Aise van Beets

Omrop-Fryslân-programmamakker Jan Ottevanger is sneontejûn ûnderskieden op de 30e Nederlânske Brassband Kampioenskippen yn Grins. Ottevanger is al sûnt de earste edysje belutsen by de wedstriden.

It wie sneon de lêste kear dat Ottevanger de produksje fan it kampioenskip foar de Omrop fersoarge. Yn april giet er mei pensjoen. Dêrom krige er fan foarsitter Durk Dam in oarkonde en libbenslang tagong ta folgjende NBK's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)