A6 ôfsletten, ûngelok op A7

Troch glêdens fan de dyk (foto: Jaring Rispens)
De A6 troch de Noardeastpolder is moandeitemoarn betiid yn beide rjochtings ôfsletten nei ferskate ûngelokken. Ferkear út Fryslân dat troch de polder rjochting Rânestêd wol, moat omride oer Swol oer de N50 en dan de A28 en A1 nimme.
Troch opfriezing is it op guon plakken sjippeglêd. Op ferskate plakken rekken auto's fan de dyk. Op de A7 by Surch rekken twa minsken slim ferwûne doe't harren bestelbus ferskate kearen oer de kop sloech.