Better Hearrenfean de pineut

05 des 2010 - 16:32

Sc Hearrenfean hat snein tsjin Utrecht de winst yn de ekstra tiid troch de hannen glippe litten: einstân 2-1. Utrecht-ferdigener Wuytens skoarde de winnende. By rêst stie it noch 1-1, om't Roy Beerens de Friezen fan alve meter op foarsprong sette en Mertens foar de Domstedelingen lykmakke.

Hearrenfean wie fûl yn de duels, mar krige no ris sels it lid op 'e noas. It Fean wûn dit jier al twa kear yn blessueretiid. Dat wie tsjin Vitesse en Heracles.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)