'Provinsje baas oer Waadfûns'

05 des 2010 - 15:33

Provinsjes oan de Waadsee moatte sels it foech krije jild út it Waadfûns te besteegjen. Dat hopet deputearre Konst. Earder is dat net slagge.

Yn dat fûns is 800 miljoen euro stoart as kompensaasje foar it winnen fan gas ûnder it Waad. It ryk ferdielt dat jild no noch. No't it natuerbelied foar in grut part oergiet nei de provinsjes moatte dy provinsjes ek de baas wurde oer it Waadfûns. Konst fynt dat it fûnsjild net oan oare saken bestege wurde moat lykas de Ofslútdyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)