Jûn oer plan rûnwei De Lemmer

05 des 2010 - 15:21

Ynwenners fan de Lemmer wurde moandei bypraat oer de rûnwei troch it doarp. De provinsje wol foar 15 miljoen euro in akwadukt oanlizze op it plak fan de Sylroedebrêge. In nij aksjekomitee wol dat akwadukt net. De sinten kinne neffens har better stutsen wurde yn in hiele nije rûnwei, dy't hielendal om De Lemmer hinne giet. Wethâlder Johannes van der Pal fan Lemsterlân is it net iens mei de protesten.

Deputearre Adema fertelt op de jûn wat oer de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)