Drokte om dronken passazjiers

De plysje hat dit wykein in soad wurk hân fan in ynsidint op de Rottumerwei op It Hearrenfean. Der stie in auto midden op de dyk en de plysje trof dêr twa manlju en twa froulju oan. In tal wiene goed dronken, mar it wie net dúdlik wa't de auto bestjoerd hie.
De plysje frege in frou in blaastest te dwaan, mar in man protestearre. Hy wegere fuort te gean en waard oanhâlden. Hy krige in boete fan 60 euro foar iepenbiere dronkenskip.