Man oppakt nei botsing beam

05 des 2010 - 12:45

Yn Snits is sneontenacht in man (25) út Nijlân oanhâlden. Hy wie fuortrûn nei in oanriding. De man wie op de Ingenawei yn Nijlân mei syn auto tsjin in beam botst. De foarkant fan de auto rekke dêrby folslein fernield. De plysje krige dat fia de meldkeamer te hearren en gong op syk nei de eigner.

De man sei earst dat de auto bestjoerd waard troch in freon, mar hy koe net oanjaan wa't dat wie. De man is yn Snits oanhâlden en meinaam foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)