A6.NL Flyers winne maklik

04 des 2010 - 22:07
  • A6.NL Flyers (foto: Martin de Jong)

De A6.NL Flyers ha sneon in maklike oerwinning helle tsjin de Turnhout White Caps: 9-1. Yn de earste perioade koene de Belgen it ferskil noch binnen de perken hâlde. Nei de 2-1 foar de Flyers rûn it ferskil fierder yn de wedstriid op: 3-0 en 4-0.

Marcel Bruinsma, oerkaam fan it út de kompetysje helle Zoetermeer Panthers, skoarde twa kear. Dat die ek Bert van den Braak. Sander Dijkstra, Andrey Levitin, Michael Nason, Paul Vincent en Vassili Titarenko makken der ien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)