Winst Zielman en Timmerman

04 des 2010 - 21:39
  • Carla Zielman (argyffoto: KNSB)

Carla Zielman en Karlo Timmerman ha sneon de sânde wedstriid om de Maraton Cup wûn. Zielman, ynwenster fan Rottum, wie yn Enschede yn de massasprint Maria Sterk fan Hallum en Foske Tamar van der Wal fan Grins te fluch ôf. Zielman is ek de nije liedster yn it klassemint.

Karlo Timmerman wie nei syn twa oerwinnings op it natoeriis de rapste op it keunstiis fan in 17-man sterke kopgroep. Ingmar Berga waard twadde, Christijn Groeneveld tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)