Marcel Bruinsma nei Flyers

IIshockeyer Marcel Bruinsma komt oer fan Zoetermeer nei de Flyers fan It Hearrenfean. De 24-jierrige Bruinsma wie ferline jier topskoarder by it nasjonale team. Hy kin sawol yn de oanfal as yn de ferdigening út de fuotten. Zoetermeer waard ferline wike út de kompetysje naam om't it finansjeel oan de grûn sit.
Bruinsma docht sneon al mei yn de thúswedstryd fan de Flyers tsjin it Belgyske Turnhout.