Tefreden oer toertocht

04 des 2010 - 16:27

Hast trijetûzen reedriders ha sneon meidien oan de earste toertocht op natueriis by Earnewâld. Dat seit Age Veldboom fan IIsklup Lyts Begjin. It iis op de Jan Durkspolder wie goed. Middeis foelen flinke sniebuien en der stie in straffe wyn. Meiwurkers moasten drok wurkje om de baan frij fan snie te hâlden.

De organisaasje sjocht tefreden werom op de tocht dy't lanlike publisiteit krige. Under de dielnimmers wie ek Erben Wennemars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)