Warskôging: soad snie op komst

04 des 2010 - 15:25

Piet Paulusma warskôget dat sneon oan de ein fan de middei en jûn noch flink wat snie falle kin. Hy advisearret minsken thús te bliuwen as se der echt net út hoege.

Neffens de waarman giet it om matige oant soms flinke sniebuien, dy't ek foar min sicht soargje kinne. Troch de stevige wyn kinne der ek sniedunen ûntstean. Letter yn de nacht kin de snie oergean yn rein en izel. Dat kin sneintemoarn ek noch foarkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)