Burgumers ferwûne by ûngelok

04 des 2010 - 15:18

Twa Burgumers binne freedtejûn ferwûne rekke by in ûngelok by Ulrum yn Grinslân. It giet om in man (66) en in frou (63). It stel ried oer de Schapenweg en kaam yn de berm telâne. Dertroch kaam de auto op de oare weihelte en botste frontaal tsjin de auto fan in man (65) út Kolham.

Beide slachtoffers binne behannele troch meiwurkers fan de ambulânse. De beide auto's rekken sa swier skansearre dat se fuortsleept wurde moasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)