Wyldparkearders by Cambuur
De plysje hat freedtejûn 22 parkearboetes útdield oan besikers fan de fuotbalwedstriid fan Cambuur tsjin MVV. Omwenners hiene klachten yntsjinne by de plysje oer wyldparkearders.
Om de oerlêst foar te kommen, sil de plysje tenei faker kontrolearje.