Jonges oerfal langer fêst

04 des 2010 - 12:20

De trije jonges út Drachten dy't oanhâlden binne fanwege de oerfal op in âlder echtpear yn Drachten bliuwe langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten. It giet om jonges fan 13, 15 en 17 jier.

Se oerfoelen op 16 novimber in echtpear fan 87 en 83 jier yn har wenning oan de Schwartzenbergleane. De man waard dêrby slein. It echtpear wie slim oerstjoer en ek yn de buert wie ûnrêst troch de oerfal. De bút wie lyts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)