Fryske Anne fierder yn TVOH

04 des 2010 - 12:12

Anne Hoogendoorn út Goaiïngea is troch nei de tredde ronde fan The Voice of Holland. Yn de talintejacht song se it nûmer 'Girl' fan Anouk. Dêrmei krige se fan it publyk te min stimmen om yn ien kear troch te gean. Yn de Sing-off moast se it opnimme tsjin teamgenoat Ray Klaassen. Coach Jeroen van der Boom fûn it dreech te kiezen wa't fuort moast. Anne moat hurder wurde om te oerlibjen yn de muzykwrâld.

Oer twa wiken moat Anne Hoogendoorn har bewize yn de tredde ronde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)