Wetterskip lit gemalen út

04 des 2010 - 10:30

Nettsjinsteande it ferwachte teiwaar, sjocht it wetterskip noch gjin reden om de gemalen yn Fryslân wer oan te setten. It wetterskip hat de ôfrûne wike de measte gemalen útset om de oangroei fan it iis net te beynfloedzjen.

Foar dy tiid is der noch ekstra wetter fuortmeald, sadat der wat romte is om oerstallich wetter op te fangen. It wetterskip hâldt it waar de kommende dagen goed yn 'e gaten en spilet dêr sa nedich op yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)