Toertocht op natueriis begûn

04 des 2010 - 10:18

Op de Jan Durkspolder by Earnewâld is sneontemoarn de earste toertocht fan Fryslân op natueriis begûn. IIsklup Lyts Begjin hat in baan útset foar 7,5 en 15 kilometer. De tocht is bedoeld foar famyljes mei bern en dus net foar de fanatike reedriders. Minsken kinne har ynskriuwe by Camping It Wiid.

Der is romte foar maksimaal 3.000 dielnimmers. Lyts Begjin wie ferline winter ek de earste dy't in toertocht útskreau. It is de earste kear dat de iisferiening sa betiid in tocht hâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)