Toeristetreintsje yn Warkum

It treintsje is al kocht, mar moat noch wat oanpast wurde
Yn Warkum rydt dizze simmer permanint in elektrysk toeristetreintsje fan it stasjon nei it sintrum. It is in ferfolch op in proef fan dizze simmer, mei in fergelykbere trein op disel. Doe waarden 2500 minsken nei de stêd ferfierd. De organisaasje wol mei it treintsje oanslute by de plannen foar de nije stoomtrein. De kosten foar de trein wurde rûsd op 40.000 euro. Plattelânsprojekten Súdwest-Fryslân hat 15.000 euro tasein. In soad bedriuwen yn Warkum wolle meibetelje.