Garaazje Noardwâlde ôfbrând

04 des 2010 - 09:54

De garaazje fan in wenning oan De Stelling yn Noardwâlde is yn de nacht fan freed op sneon hielendal útbrând. Yn de houten garaazje stiene twa auto's en in scooter. Dy binne ek ferlern gien.

De mooglike oarsaak is in straalkacheltsje. De brânwacht wist foar te kommen dat it fjoer oersloech nei de wenning, dy't op acht meter fan de garaazje stiet. Der rekken gjin minsken ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)