Cramer wint Haaksbergen

03 des 2010 - 21:48
  • Wieteke Cramer

Wieteke Cramer hat de freedtejûn de tredde maraton op natoeriis wûn. De âld-langebaanrydster fan De Lemmer wûn yn Haaksbergen nei 60 rûntsjes de massasprint foar Jolanda Langeland fan Bedum en Carla Zielman fan Rottum. Maria Sterk fan Hallum waard fjirde. Foar Cramer wie it de 1e maratonwinst.

By de manlju gong de oerwinning, krekt as in dei earder yn Veenoord, nei Karlo Timmerman. Hy fersloech Christijn Groeneveld en Crispijn Ariëns yn de massasprint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)