Nije kwelder it Bilt klear

Underweis nei de Biltpollen (foto: Remco de Vries)
Ien fan de earste natoerprojekten fan it Waadfûns is sa goed as klear; de see kin no in hiel stik fierder de Biltpollen op it Bilt op. Troch in dyk fuort te heljen en in slinke te graven, strûpt in grutte polder yn it gebiet no folle faker ûnder, wêrtroch it in kwelder wurdt.
It projekt is freedtemiddei troch deputearre Konst en direkteur Ultsje Hosper fan it Fryske Gea ôfsletten. Der is hast 4 ton yn it ferkwelderjen fan it gebiet stutsen.