Jort Kelder nei Wolvegea

03 des 2010 - 19:11

De fjirde edysje fan de ûndernimmersferkiezing fan de Commerciële Club Weststellingwerf wurdt woansdei presintearre troch Jort Kelder. Jûns wurdt bekend makke wa't útroppen wurdt ta ûndernimmer fan it jier 2010 fan Weststellingwerf.

Der binne trije nominearren. Dat binne Erik Ruitenberg fan meubelstoffearderij yn Wolvegea, Donny Lawerman fan hoarekasaak Pieter Poot yn De Blesse en Mark Manchester fan meubelmakkerij De Esdoorn yn Wolvegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)