Sinteklazepakjes stellen

03 des 2010 - 14:55

By in ynbraak yn in wenhûs oan de Friesburg yn Ljouwert binne freed ûnder oare Sinteklazekadootsjes stellen. De bewenster wie tusken alven en tolven eefkes fan hûs. Op dat stuit hawwe de dieders taslein. Se fernielden it slot fan 'e foardoar om deryn te kommen.

Ut de wenkeamer namen se in fotokamera mei en út ien fan de sliepkeamers sieraden en in pûde mei Sinteklazekadootsjes. Dy wiene bedoeld foar de bernsbern fan de bewenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)