Boekebus ferdwynt út Reduzum

03 des 2010 - 14:42

By basisskoalle De Trije Doarpen yn Reduzum wie freedtemoarn in ludyk protest tsjin it ferdwinen fan de bibliobus. Dy komt no noch alle freden, mar is takom wike foar it lêst. De Stichting Bibliotheken Midden-Fryslân hat de stekker derút lutsen. Der is gjin jild mear.

Neffens de stichting hingje tsjustere wolken boppe de bibliobussen. Yn 'e takomst sille der mear ferdwine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)