Banen ferlern by Skewiel

Besunigings by soarchynstelling Skewiel yn de Trynwâlden soargje foar ûnrêst ûnder meiwurkers en kliïnten. Fan 'e hûndert banen gean tsien ferlern. Dêrtroch is der minder tiid foar de minsken dy't soarch krije.
Skewiel is ferline jier fusearre mei soarchgroep Tellens yn Boalsert. Skewiel draait al jierren mei tonnen ferlies en Tellens wol dat oanpakke. Neffens de kliïnten wie krekt ôfpraat dat neat yn de wurkwize feroarje soe, mar dat komt no dochs oars.