Rûntsjes slippende drankrider

03 des 2010 - 10:54

In 20-jierrige drankrider út De Gordyk hat himsels yn 'e nacht fan tongersdei op freed op in bysûndere manier yn de kiker spile by de plysje. Dy seach dat de man op it parkearterrein oan de Stasjonswei rûntsjes oan it slippen wie mei de auto.

De man waard meinaam nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat er te folle alkohoalyske drank op hie. De man hat in proses-ferbaal en rydferbod krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)