Reedrydwedstriid of les

Op skoallemienskip Piter Jelles Aldlân yn Ljouwert binne freed reedrydwedstriden. De learlingen kinne kieze tusken reedriden of gewoan les. De skoalle hat in part fan it sportfjild bûtendoar ûnder wetter set. Troch de froast fan 'e ôfrûne tiid is de baan sterk genôch om op te riden.
De skoalkampioenskippen wurde begelaat troch eigen learlingen dy't it fak bewege, sport en maatskippij folgje. Mooglik sil de skoalle faker ditsoart reedrydwedstriden hâlde.