Snie: wedstriid Cambuur faai

03 des 2010 - 10:22
  • Argyffoto Omrop Fryslân

De KNVB bepaalt freedtemoarn oft it Cambuurfjild geskikt is om op te spyljen. De Ljouwerter ploech moat it freed yn it eigen stadion opnimme tsjin MVV. Tongersdei like it der noch op dat de wedstriid trochgean koe. Mar der is lykwols yn 'e nacht flink wat snie fallen op it fjild.

Cambuur docht der op dit stuit alles oan om dy snie fuort te krijen. De KNVB komt om likernôch healwei alven nei it stadion om te sjen hoe't it dêr is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)