Giele kaart wethâlder Bekkema

03 des 2010 - 07:32

Wethâlder Joop Bekkema fan Frjentsjerteradiel krige tongersdeitejûn in giele kaart fan de gemeenteried. Neffens de ried hat Bekkema 40.000 euro útjûn sûnder dat de ried op 'e hichte wie. It jild gie op oan in taksaasje fan gebouwen oan de Sjaardemastrjitte yn Frjentsjer.

De gemeente woe ien fan de gebouwen keapje. Boargemaster Veenstra wie in krisis foar troch foar te stellen yn jannewaris opnij oer it ûnderwerp te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)