Warskôging foar glêdens

03 des 2010 - 07:14

De plysje warskôget freedtemoarn foar glêde diken troch de snie dy't tongersdeitejûn en -nacht fallen is. Benammen binnendiken kinne noch glêd wêze. De grutte diken binne wol goed skjin.

Der hawwe tongersdeitejûn en freed njoggen lytse ûngelokken west mei auto's dy't fan de wei ôf gliden. By Dokkum, Ljouwert en Marrum botsten auto's tsjin de fangrail, by Nij Beets tsjin in beam. By Bútenpost rekken twa auto's yn in sleat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)