Oerolferkeap mooglik ek earder

02 des 2010 - 21:54

De organisaasje fan Oerol is oan it besjen oft de kaartsjes foar 2011 ek earder yn de ferkeap kinne. Se dogge dit om ûnder it nije BTW-taryf út te kommen. It taryf wurdt per 1 jannewaris mei 13 persint ferhege. Dit betsjut dat ek de kaartsjes foar Oerol in stik djoerder wurde.

Oare kulturele eveneminten lykas Lowlands en it iepenloftspul fan Jorwert ha om dizze reden harren kaartferkeap al nei foaren helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)