Aksje tsjin misbrûk adressen

02 des 2010 - 21:37

De gemeente Frjentsjerteradiel komt yn aksje tsjin it misbrûk fan postadressen. Yn Frjentsjer ûntdutsen amtners dat op ien adres mar leafst 200 minsken ynskreaun stiene.

Op marktplaats hie de eigner advertinsjes set dat minsken foar in fergoeding syn adres as postadres brûke meie. Bygelyks studinten kinne sa ekstra stúdzjefinansiering krije. Dyn eigen adres oanbiede is net strafber, mar de gemeente past de regels no oan om fraude út te sluten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)