Plannen foar âld baggerdepot

02 des 2010 - 20:37
  • Gemeentehûs fan Dantumadiel

De gemeente Dantumadiel wol in âld baggerdepot by De Westereen opnij ynrjochtsje. Op it stuit bart der neat mei it stikje lân by de jachthaven. En der groeie dan ek tiksels en reidgers by de fleet. De gemeente is no fan doel om op it plak in nij bosk te plantsjen. Ek moat der romte bliuwe foar it kuierpaad neist it spoar. Mooglik kinne der ek paden oanlein wurde yn it bosk. Der moat noch wol in beslút naam wurde oer de finansjele middels foar de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)