Slinger kin wer stereo hearre

02 des 2010 - 18:57

Mei tank oan in Fryske útfining kin sjonger Harry Slinger fan Drukwerk wer fan muzyk genietsje. Lykas tsientûzenen oare minsken yn Nederlân kin Slinger mar mei ien ear hearre. En dan kinne je muzyk net mear yn stereo hearre. De Lemster Bouke Heeres en syn soan Patrick hawwe dêr wat op fûn.

Sy hawwe in koptillefoan ûntwikkele dêr't je stereo mei hearre kinne oan ien kant. Men kin dan mei ien ear nei twa speakers harkje. Der binne al 50 koptillefoans ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)