Offallesten B'him omleech

Ynwenners fan Boarnsterhim hoege yn 2011 25 persint minder oan ôffalstoffeheffing te beteljen. Dit kin omdat de gemeente ferskate maatregels naam hat om de kosten fan it ferwurkjen fan ôffal te beheinen.
Sa is de oerstap makke nei ôffalferwurker Omrin. Foar in trochsneed húshâlding yn Boarnsterhim betsjut dit in besparring fan 84 euro it jier. In grut part fan dizze besuniging is basearre op de iepening fan de REC yn Harns yn 2011.