Autoferkeap yn de lift

02 des 2010 - 16:04

It giet goed mei de ferkeap fan nije auto's. De ferwachting wie dat der dit jier lanlik 465.000 ferkocht wurde soene. It binne der no al hast 10.000 mear.

By it begjin fan de ekonomyske krisis, yn 2007, stoarte de merk yn. No giet it stadichoan better. Volkswagen wurdt it bêst ferkocht. Renault, Peugeot en Toyota stride om de plakken twa, trije en fjouwer. By Toyota yn Ljouwert kinne se goed fernimme dat it better giet mei de ferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)