LED-lampen oan Heliconwei
Ljouwert hat as earste gemeente fan Nederlân tongersdeitemiddei LED-ferljochting oan in trochgeande dyk krigen. Oan de Heliconwei steane ljochtmêsten dy't fûler brâne as der mear ferkear delkomt, bygelyks yn de spits.
De lanlike primeur past yn it strjibjen fan Ljouwert om in duorsume gemeente te wêzen.