Eigners skiphuzen nei rjochter

02 des 2010 - 14:38

Fjouwer eigners fan âlde skiphuzen yn Harns stappe nei de rjochter. De wettersportferiening wol de haven renovearje en dêrfoar 14 fertutearze skiphuzen ôfbrekke. Tsien binne fan de wettersportferiening, de oare fjouwer binne priveebesit.

De wettersportferiening wol mear lisplakken yn de haven. Dêrfoar moatte de skiphuzen út 1954 ferdwine. De eigners fan de skiphuzen litte it der net by sitte en hawwe besletten om nei de rjochter te stappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)