Dino's nei natuermuseum

02 des 2010 - 12:50

De dinosaurussen komme nei Ljouwert. Ein jannewaris besette se it natuermuseum Fryslân. It giet om in útstalling dy't oant no ta allinnich yn Súd-Europa te sjen wie.

Omdat de eigner yn de winter gjin plak hie foar de prehistoaryske skeletten belle hy mei it natuermuseum. Dêr binne se út de skroeven. De útstalling wurdt iepene op 22 jannewaris 2011. It is dan pake-en-beppe wike yn it natuermuseum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)