Sigaretten en klûs stellen

02 des 2010 - 09:56

By in ynbraak yn in winkel oan de Haadstjitte-East yn Noardwâlde binne ôfrûne nacht sigaretten en in klûs stellen. De dieders hiene de foardoar iepenbrutsen om yn de saak te kommen. Tsjûgen dy't wekker waarden fan it leven, seagen twa manlju út de winkel kommen en nei in auto rinnen. Se naaiden út yn de rjochting fan de Yndustrystrjitte.

De tsjûgen bellen fuortendaliks de plysje, mar dy koe de dieders net mear fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)