Pleats folslein útbaarnd

02 des 2010 - 06:59

In boerebedriuw oan de Greate Mar by Wergea is yn de nacht fan woansdei op tongersdei folslein útbaarnd. By de brân binne sân keallen omkaam. De bewenners krigen reek binnen. De brânwacht fan Grou en Ljouwert waard alarmearre, mar koe net folle mear dwaan om't it fjoer oanwakkere waard troch de hurde wyn.

De buorkerij koe net mear rêden wurde. De brânwacht wist foar te kommen dat it fjoer oerslaan koe nei oare gebouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)