Fragen oer De Vries kezinen

Lutz Jacobi stelt fragen oer De Vries
Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA stelt keamerfragen oer de ûntslaggen by De Vries kezinen op De Gordyk. Sy wol fan de minister fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid witte wat hy fynt fan de gong fan saken. De helte fan de 260 meiwurkers krijt dien. Neffens de fakbûnen binne se by de ûnderhannelings oer in sosjaal plan bûtenspul set.
Jacobi wol fan Minister Kamp witte oft it ûntslach in oertreding is fan de Wet Melding Collectief Ontslag.