Achlum helpt Achmea

01 des 2010 - 22:44
  • Der wie in soad belangstelling foar de byienkomst

Achlum is klear foar it feest dat Achmea dizze maaitiid yn it doarp hâlde wol. Dat die woansdeitejûn bliken by in byienkomst yn it doarpshûs. Achlummers waard frege om harren tún of hûs beskikber te stellen foar de Conferentie van Achlum. De fersekerder stiet yn maaie stil by it 200 jierrich bestean.

Achmea waard yn 1811 oprjochte troch Ulbe Piers Draisma út Achlum. By de Conferentie van Achlum komme twatûzen minsken nei it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)